Tiid foar dy en my

tiid-foar-dy-en-my

Tiid foar dy & my!

Oant en mei desimber 2013 hat hjir&no in oantreklike aksje:
in kadopakket mei 2 CD's:
'Frysktalige bernemeditaasjes' en
'De tiid hâldt hjir skoft' (foar folwoeksenen).

De titel fan it pakket is ‘Tiid foar dy & my’ en kostet mar € 25,00
Boppedat makkest kâns op ien fan de tryaterbonnen dy't wy ferlotsje.
Freegje dyn ferkeappunt nei it foardielige kadopakket. Leuk foar Sinteklaas en Kryst! Sjoch hjir foar ferkeapadressen

 

Hast al in kadopakket? Folje dan hjir dyn koade yn om kâns te meitsjen op in tryaterbon.



Lês fierder

Hjir&no siket meitinkers

Yn it kader fan de heit&mem-beurs ein oktober, komt hjir&no mei in moaie aksje foar sawol âlders as bern: in pakket mei 2 Cd’s (Frysktalige bernemeditaasjes- foar bern fan alle leeftiden & De tiid hâldt hjir skoft – Frysktalige meditaasjes foar folwoeksenen) foar mar 25 euro! Yn dit pakket sit ek noch in aksjebon, wêrmei’t in moaie famylje-aktiviteit te winnen is.

Lês fierder...

Slagge feest! Tige tank allegear!

Ofrûne freed, 24 maaie, ha wy in tige slagge feest yn LOFT Boksum hân om te fieren dat ús nije meditaasje CD út is. Wy ha in soad positieve reaksjes krigen. By dizze wolle wy eltsenien tank sizze. Mei troch jim ha wy en geweldige jûn hân. Wat ús oan giet: oant takom jier!

 

workshops-hjirennofeest

20130524 213609 resized

 

Fansels binne wy ek tige benijd nei wat jim fan de CD 'De tiid hâldt hjir skoft' fine. Op ús produktenside kinst in reaksje achter litte. Troch dyn feedback te jaan, kinne wy ús produkten noch better meitsje.

 

Hast de CD noch net? Fan no ôf kinst him keapje fia ús ferkeappunten.

 

No hat de tiid hjir efkes skoft by hjir&no, mar der sit noch fan alles yn it fet te borreljen, dus jim hearre gau wer fan ús.

Hast ek goede ideeën op it mêd fan Sinjouwing en Ynspiraasje. Wy binne hiel benijd! Nim gerêst kontakt mei ús op: Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.

 

Hertlike groetnis, Elbrecht en Liesbeth

Yn it hjir en no komme mei it Medisyn-Tsjil

Seremoany freed 24 Maaie yn de Tipi
Troch EekeSjoukje Roodvoets.

 

tipi grootKommende freed kinst tidens it dûnsfeest meidwaan oan in seremoany yn de tipi dy't achter it tsjerkje stiet by LOFT Boksum. Rûnom it fjoer makkest kennis mei it medsyn-tsjil. Wat betsjutte de 8 rjochtingen en hoe kinst der mei wurkje? Wat binne de 5 sjamanistische prinsypes? EekeSjoukje Roodvoets leit it allegear út op freed 24 maaie tidens in seremoany yn de tipi.

Lês fierder...

Wat is in sjakra-meditaasje?

fokkeOp ús nije CD stiet û.o. in sjakrameditaasje, ynsprutsen troch Hollânsktalich yogadosint Fokke Jansen fan www.ajani-yoga.nl. Spesjaal foar hjir&no hat hy him it Frysk eigen makke. Hjirûnder kinst in lústerfragment harkje:

 

 

 



Lês fierder...